Op de Wâldwei wurdt tiisdei-, woansdei
en tongersdeitejûn in grutte
helpferlieningsoefening hâlden. Der
wurdt op in plak tusken de ôfslach
Nijegea en Drachten-Sintrum in grut
ûngelok yn sêne set. Oan de oefening
dogge alve brânwachtkorpsen, de
plysje en de ambulansetsjinsten mei.
De oefening wurdt trije jûnen achterelkoar
dien sadat sa folle mooglik helpferlieners
meidwaan kinne. It ferkear op de Wâldwei
sil gjin lêst ha fan de oefening en wurdt fia buorden op 'e hichte brocht.