GEFAARLIKE STOF YN DRONRYP
De plysje Fryslân hat alaarm slein fanwege in ynsidint mei gefaarlike stoffen by it fabryk fan Friesland Campina yn Dronryp. Neffens boargemaster Van Delft is in lossketten slang mei salpetersoer de oarsaak. As gefolch hjirfan driuwt in wolk mei salpetersoer rjochting doarp.
Dit betsjut dat de minsken yn Dronryp foarearst binnendoar bliuwe moatte en ek de doarren en ruten ticht hâlde moatte. De plysje wit noch net krekt om hokker gefaarlike stof it giet.
It kin om salpetersoer gean, mar mooglik ek om sâltsoer, sa seit plysjewurdfierder Anne van der Meer.
Bron: omroep friesland.
Hier wordt je nog niet veel wijzer van...